Demintia rekket ús allegearre
Tiisdeitemiddei 22 septimber wiene Ankie Speel, Jeltsje van der Schaar en Rina ten Hoeve út namme fan Heerenveen Lokaal oanwêzich by de gearkomste “Demintia rekket ús allegearre” yn it Posthuis Theater.
Demintia rekket net allinnich dejinge dy’t de diagnoaze krijt, mar ek partners, famylje, mantelsoargers en úteinlik ús hiele maatskippij.
Sûnenswittenskipper en skriuwster Chantal Walg spriek oer demintia en maatskippij.
Net allinnich sjen nei wat immen net mear kin, mar foaral sjen nei de minske en nei wat der noch wol mooglik is.
Ek mantelsoargers fertsjinje dêrby ús omtinken en stipe.
It wie in weardefolle en ynspirearjende middei, want demintia rekket ús allegearre.